De feriening Seelter Buund waard yn 1952 oprjochte mei as wichtichste taak de beskerming fan de Sealterfryske taal. Fuort oan it begjin waard al dúdlik sein dat it net de bedoeling wie om de taal as museumstik te behanneljen. Nee, it gong om it aktyf stypjen fan in libbene taal, troch dy sels safolle mooglik te brûken en oaren derta oan te fiterjen om dat ek te dwaan.

Aktiviteiten

It Seelter Buund organisearret allegear aktiviteiten. Foar leden binne der busreiskes, it jierlikse slachtfeest, fleisskroeijûntsjes, de feestlike jiergearkomste, alle fjirtjin dagen in Sealterfryske stamtafel en in moarnsbrochje en folle net genôch.

Foar bredere rûnten as inkeld de eigen leden biedt it Seelter Buund Sealterfryske taalkursussen oan. Besikers kinne fierders in minykursuske folgje, dat mei in “Seelter Tjuuchnis” (Sealtersk tsjûchskrift) beleanne wurdt. It skuttersfeest yn Skäddel krijt praktyske stipe fan it Seelter Buund en de radiostudio fan de Ems-Vechte-Welle is yn it ferieningsgebou ûnderbrocht.

Taken

It Seelter Buund jout nigethawwers ynformaasje oer de Sealterfriezen, harren kultuer en foaral harren taal. Fierders is it Seelter Buund wurdfierder as it giet om de belangen fan de Sealterfriezen. De organisaasje arbeidet dêrfoar op ’n nausten op mei de gemeente Sealterlân, de Oldenburgische Landschaft en gâns oare partijen. In oare taak is it fersoargjen fan it twatalige (Sealterfrysk en Nedersaksysk) radioprogramma Middeeges (“middeis”), dat om ‘e fjirtjin dagen útstjoerd wurdt op de Ems-Vechte-Welle en as livestream op it ynternet. It Seelter Buund is fierders behearder fan in lytse, mar nijsgjirrige kolleksje tradisjonele Sealterlanner klean en in lytse biblioteek. It Seelter Buund wol him de kommende jierren fierder ûntwikkelje ta in dokumintaasjesintrum.

Stipe

It Seelter Buund krijt alle jierren sa’n twatûzen euro stipe fan de gemeente Sealterlân. Fierders ûntfangt de organisaasje bytiden jeften. Dêrtroch kin it Seelter Buund út en troch finansjele stipe jaan oan aktiviteiten fan leden en oaren dy’t yn tsjinst steane fan de Sealterfryske taal en kultuer. Yn 2021 hat it Seelter Buund bygelyks in stúdzjereis fan twa Sealterfryske famkes nei de Sorben betelle.

It Seelter Buund is ek ferantwurdlik foar it útbeteljen fan de froulju dy’t op de basisskoallen en pjutteboartersplakken yn de gemeente Sealterfryske les jouwe. It jild dat sy dêrfoar krije, kin it Seelter Buund sels wer by de gemeente deklarearje.

Netwurkjen

Fansels hat it Seelter Buund ek bûten de eigen regio goeie kontakten. Karl-Peter Schramm en Johanna Evers fertsjintwurdigje it Seelter Buund yn it Europeesk Buro foar Lytse Talen, de FUEV en de Dútske minderhederie. Heinrich Pörschke is de fertsjintwurdiger yn seksje East fan de Fryske Rie.

Gebou

Sûnt 2002 hat it Seelter Buund in eigen ûnderkommen: it âlde stasjonsgebou fan Skäddel, dat foar de gelegenheid omdoopt wurden is ta “Fräiske Kultuurhuus”. Dêr wurde geregeldwei aktiviteiten organisearre en gasten ûntfongen. Yn 2021 is it gebou renovearre. It hat doe ûnder oaren in flierferwaarming krigen.

Struktuer

It Seelter Buund hat in lyts deistich bestjoer fan seis man, mei Stephan Dannebaum as wurdfierder. Dat makket sels wer diel út fan in grutter bestjoer, dêr’t ek fertsjintwurdigers fan de fjouwer doarpen fan it Sealterlân yn sitte.

Skiednis

Yn 1952 waard it Seelter Buund foar it earst oprjochte. Nei sa’n fyftjin warbere jierren rûn de belangstelling foar de feriening oan ‘e ein fan ‘e jierren sechstich tebek. Gâns in skoft wie de feriening sliepend en yn 1977 waard er op ‘e nij oprjochte. Hjirûnder kinne jo in krante-artikel oer de earste oprjochting lêze: